Is it mooglik om in wolf yn Fryslân tsjin te kommen?

06 des 2019 - 17:27

It die bliken dat der om ôfrûne wykein hinne 24 skiep deabiten binne by Slappeterp. Fuortdaalks waard der tocht dat it wolris om in wolf gean kin, al wurdt der noch ûndersyk dien nei hokker bist it echt wie. No soe der yn de tunnel by Koartehimmen in wolf sjoen wêze troch Jan Willem Blanken.

De tunnel by Koartehimmen - Foto: Google Street View

"Ik bin der hast foar hûndert persint wis fan dat it in wolf wie," seit Jan Willem Blanken. "Ik ried mei de auto troch de tunnel ûnder de A7 by Koartehimmen en ik tocht earst dat ik in ree seach. Ik haw de ljochten oan dien, want ik tocht ik moat it bist net oanride. Doe miende ik gau dat it in foks wie, mar dat wie it ek net. It moat wol in wolf wêze. Ik koe net in foto meitsje, want ik hie myn telefoan yn de bûse."

"It kin net misse"

It bist klom wer omheech yn de tunnel en rûn yn de rjochting fan Beetstersweach. "It wie moarns om healwei seizen hinne. Ik bin der eins fan oertsjûge dat it in wolf wie. Der baarnt net in soad ljocht yn de tunnel, mar it kin net misse."

Foto: ANP

Elze Polman fan de Zoogdierenvereniging leit út dat it yn prinsipe kinne soe dat Blanken echt in wolf sjoen hat. "Er komen steeds meer wolven naar Nederland. Maar zonder foto is het wel moeilijk om te bewijzen, want honden lijken erg op wolven."

Ferskillen

Dochs binne der wol ferskillen. "De wolf heeft een bepaalde grootte, hij is groter dan een herdershond. Ook is de kleur minder contrastrijk, meer beige en grijs. De staart hangt meestal recht naar beneden en een wolf heeft ook een herkenbare draf of galop. Maar het is lastig om daarop te letten, want je ziet hem nog maar kort en vaak op een bepaalde afstand."

Yn de nacht

It tiidstip fan Blanken soe goed kinne, seit Polman. "Wolven zijn vooral in de nacht actief, 's ochtends vroeg en in de schemering." As it echt in wolf is, is it ek de fraach of de wolf deselde wêze kin as de mooglike wolf by Slappeterp. "Een wolf kan per nacht wel zo'n vijftig kilometer afleggen. Vooral zwervende wolven kunnen op zoek naar een leefgebied grote afstanden afleggen."

Polman: "Een wolf pakt in eerste instantie prooidieren als reeën, edelherten en wilde zwijnen. Maar ze kunnen ook schapen pakken als ze minder beschermd zijn, met name zwervende wolven." Minsken hoege harren neffens Polman gjin soargen te meitsjen, dêr binne wolven eins net gefaarlik foar. "Maar voor schapenhouders is het wel belangrijk om hun schapen goed in de gaten te houden."

Jan Willem Blanken en Elze Polman

Trefwurden: 
wolf Koartehimmen Slappeterp
(advertinsje)
(advertinsje)