Burgumer en Ljouwerter moatte fiif moanne sitte foar ynbraak

Twa manlju út Burgum en Ljouwert moatte fiif moanne de sel yn foar in ynbraak yn in hûs yn Ljouwert. De twa binne feroardiele op grûn fan kamerabylden. Seis plysjeminsken dy't de fertochten al jierren kenne, koene de manlju dêrop werom.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sels ûntkenne de fertochten dat sy it binne, mar foar de rjochter wie it genôch dat de plysjes de manlju koene.
De man út Ljouwert moat trouwens langer sitte as fiif moanne. Hy siet yn in proeftiid. In eardere straf ûnder betingst fan tsien wiken moat er no ek noch útsitte. De twa manlju sille yn berop.