Fraachtekens by rekkenkeamer oer begrutting Súdwest-Fryslân

06 des 2019 - 16:51

De rekkenkeamer fan Súdwest-Fryslân hat twivels oft de gemeentlike begrutting fan 2020 wol realistysk is. De gemeente is wol goed omgien mei de driigjende grutte tekoarten, konkludearret de rekkenkeamer nei ûndersyk.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Op fersyk fan de gemeenteried hat de rekkenkeamer ûndersyk dien nei de finansjele posysje. Doe't it ûndersyk rûn, ûntstie in grut finansjeel tekoart. Dat kaam troch hegere útjeften yn it sosjaal domein. Dêrnjonken woe de gemeente finansjeel sjoen te folle, neffens de rekkenkeamer. Yn de begrutting steane in pear flinke opjeften.

De rekkenkeamer seit dat it hiel dreech wurdt om binnen de begrutting te bliuwen. Dêrom set de rekkenkeamer fraachtekens by de helberheid en advisearje se de gemeente om in spesjale 'taskforce' yn te stellen. Dy moat derop tasjen dat de gemeente de finansjele problemen goed oanpakt.

(advertinsje)
(advertinsje)