Meiswimmer Huisman baalt fan twa aparte Swimalvestêdetochten

06 des 2019 - 16:32

Dat alvestêdeswimmers Maarten van der Weijden en Stefan van der Pal beide in eigen tocht organisearje, hat ek wjerslach op guon meiswimmers. Van der Weijden makke dizze wike bekend dat syn tocht in estafette wurdt, mei bekende Nederlanners. Stefan van der Pal wol de hiele rûte sels ôflizze, lykas Van der Weijden dat dit jier die. Húsdokter Jan Waling Huisman fan Harns swom dit jier mei Van der Weijden mei, en hy fynt de twaspjalt mar ferfelend.

Jan Waling Huisman - Foto: Omrop Fryslân

Húsdokter Jan Waling Huisman fan Harns wie dit jier dus ien fan de swimmers dy't mei Maarten van der Weijden meiswommen hat foar syn Alvestêdetocht. "Ik heb hele goede herinneringen aan vorig jaar, met al die Friezen aan de kant en het zwemmen door al dat gejuich en geschreeuw heen."

'Dit is voor de bühne'

Huisman is net hielendal te sprekken oer de nije opset fan Van der Weijden. "Met al die bekende Nederlanders en glitter en glamour, moet dat nou allemaal. Stefan van der Pal gaat hem ook doen en eerst zou Maarten mee zwemmen en nu weer niet. Dat moeten we niet hebben. Ik denk niet dat ik meedoe dit jaar. Een collega van mij in Harlingen heeft hetzelfde: dit is meer voor de bühne. Meer voor BN'ers, maar geen Fries feest meer."

Lit Stefan swimme

As hy kieze moat, kiest Huisman foar Van der Pal. Mar leuk is it sa net. En dat wylst it foar in goed doel is. "Het doel heiligt de middelen, kankeronderzoek is fantastisch. Maar Van der Pal zwemt ook voor dit doel, waarom doen ze het niet samen? Mijn idee is: laat Stefan de tocht zwemmen en laat de BN'ers desnoods in iedere stad een stukje mee zwemmen. Dan zou je het een stuk krachtiger maken."

Huisman: "Ik denk niet dat we dit moeten willen, meerdere Elfstedentochten. Dan verlies je ook de belangstelling, dat hoor ik al om me heen. Ik zou zeggen: laat ze om tafel gaan en maak er samen wat van."

Doel is meast wichtich

De húsdokter seit nochris mei klam dat it doel úteinlik it meast wichtich is. "Kanker blijft een vreselijke ziekte, er wordt veel geld opgehaald voor onderzoek, maar er gaan nog altijd mensen aan dood. Zelf maak ik dat als huisarts ook mee, ik begeleid zulke mensen. Ik probeer ook mijn steentje bij te dragen."

Húsdokter Jan Waling Huisman fan Harns

(advertinsje)
(advertinsje)