Wer winst op teamsprint foar Michelle de Jong en Letitia de Jong

06 des 2019 - 16:19

De Fryske reedrydsters Michelle de Jong en Letitia de Jong ha mei ploechgenoat Jutta Leerdam wer goud pakt op de teamsprint. By de wrâldbekerwedstriid yn Kazachstan setten se fierwei de bêste tiid del. Nederlân wûn de earste teamsprint fan it seizoen ek al. De foarige kear waard Nederlân twadde.

Fan links nei rjochts: Jutta Leerdam, Michelle de Jong, Letitia de Jong - Foto: NOS

De Jong, De Jong en Leerdam kamen nei 1.27,95 oer de finish. Ruslân, dat by de foarige wrâldbekerwedstriid noch wûn, waard no twadde op 1,74 efterstân. Poalen waard tredde.

By de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen, yn Wyt-Ruslân, pakte Nederlân yn deselde gearstalling ek de winst. Yn Poalen waard Nederlân twadde. Doe ried Sanneke de Neeling yn stee fan Letitia de Jong.

(Advertinsje)
(Advertinsje)