Gemeentebestjoer wol Nij Ylostins oanwize as gemeentlik monumint

06 des 2019 - 16:06

It gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân wol âldereinkompleks Nij Ylostins yn Drylts oanwize as gemeentlik monumint. Dêrmei folget it kolleezje it advys fan monumintekommisje Hûs en Hiem. It betsjut noch net dat Nij Ylostins definityf in monumint wurdt. Dêrfoar moat de gemeente earst nei alle belangen sjen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Met de voorlopige aanwijzing laten we nu zien welke richting we op willen", seit wethâlder Erik Faber. "We hopen zo ook de ongerustheid van de bewoners van Nij Ylostins weg te nemen."

Alle belangen besjen

Om ta in definityf beslút te kommen, moat de gemeente earst de belangen fan alle belutsen partijen besjen. "Zo'n afweging is nodig om een gedegen en juridisch goed gemotiveerd besluit te kunnen nemen", seit Faber. "Binnen drie dagen is dat onmogelijk." Hûs en Hiem sei op 21 novimber al dat Nij Ylostins in monumint wurde moat. De gemeente krige dat advys 3 desimber op papier.

Faber: "Mogelijk bestaat de indruk dat de gemeente na het advies van Hûs & Hiem alleen nog maar 'ja' hoeft te zeggen, en bij wijze van spreken onderaan de pagina, bij het kruisje, hoeft te tekenen voor akkoord. De wettelijke regels schrijven ons wat anders voor. Wij hebben de plicht de te beschermen monumentale waarden af te wegen tegen de belangen van Elkien, als eigenaar van Nij Ylostins."

It kolleezje wol op syn lêst 25 febrewaris 2020 definityf beslute oer de monumintestatus.

Eigener Elkien hat earder sein dat dy it gebou slope wol, omdat it net mear foldocht oan de easken fan dizze tiid. Nei in soad protest út de stêd binne dy plannen foarearst útsteld oant 2022.

(advertinsje)
(advertinsje)