NHL Stenden en gemeente Ljouwert wurde transgenderfreonlike wurkjouwers

06 des 2019 - 15:19

Hegeskoalle NHL Stenden en de gemeente Ljouwert ûndertekenje nije wike de lanlike ferklearring fan Dordrecht foar transgenderfreonlik wurkjouwersskip. Mei dy stap rinne sy foarop yn Fryslân as wurkjouwers.

Transgenderflagge - Foto: ANP

Yn de ferklearring fan Dordrecht stean tsien punten dy't bydrage oan goed wurkjouwersskip foar transgender wurknimmers.

NHL Stenden krijt nije wike ek in spesjale priis foar meast transfreonlike wurkjouwer: de Transzoen. In personielslid fan de hegeskoalle hie NHL Stenden dêrfoar nominearre fanwege har positive ûnderfining en begelieding mei har transysjeproses.

(advertinsje)
(advertinsje)