Gjin Frysk sukses op 5.000 meter froulju yn Kazachstan

Antoinette de Jong en Reina Anema binne op de 5.000 meter yn Kazachstan sânde en achtste wurden. De winst yn it tredde wrâldbekerwykein fan it seizoen gie nei Ivanie Blondin út Kanada. Sy sette in nij baanrekôr del: 6.54,95.
Antoinette de Jong © www.orange-pictures.nl
Dêrmei wie Blondin goed acht sekonden rapper as de twa Friezinnen. De Jong kaam ta in tiid fan 7.03,30 en Anema hie 7.03,68 nedich.
Blondin naam it baanrekôr yn Noersoeltan fan Martina Sáblíková ôf. Dy kaam yn de lêste rit yn aksje en pakte noch hast it baanrekôr werom, mar de Tsjechyske wie úteinlik fiif hûndertsten dreger as Blondin.

Ek gjin Frysk sukses op 1.000 meter

Earder op freed kamen Ireen Wüst en Letitia de Jong al yn aksje op de 1.000 meter. Sy waarden dêrop fiifde en sânde.