In soad gft-ôffal? De jiskewein makket in rûntsje mear yn Achtkarspelen

06 des 2019 - 15:00

Yn de wintermoannen fan 2020 hellet gemeente Achtkarspelen it griente- en fruitôffal wer om de twa wiken op. Besunigingen makken ein 2016 in ein oan it om de twa wiken leechmeitsjen fan de griene kontener yn desimber, jannewaris en febrewaris. Ek wie der neffens de gemeente minder griente-, tún- en fruitôffal yn de wintermoannen.

Foto: ANP

Op dit stuit wurdt de kontener noch ien kear yn de moanne lege. Grutste redenen om it werom te draaien binne de sêfte winters wêrtroch ynwenners mear griente- en fruitôffal hawwe as de gemeente earst tocht én sjocht de gemeente dat in soad takken en blêden yn de grize kontener komme. Dit past net by de ambysje fan de gemeente om ôffal sa folle as mooglik te skieden.

(advertinsje)
(advertinsje)