Wüst en Letitia de Jong njonken poadium op 1.000 meter yn Noersoeltan

06 des 2019 - 14:54

Reedrydsters Ireen Wüst en Letitia de Jong binne by de wrâldbekerwedstriid yn Kazachstan op de 1.000 meter njonken it poadium einige. De twa Friezinnen einigen respektyflik fiifde en sânde. De winst gie nei Brittany Bowe. De Amerikaanske hie in grutte foarsprong op de konkurrinsje.

Ireen Wüst - Foto: www.orange-pictures.nl

Bowe sette yn Noersoeltan in tiid del fan 1.14,28. Dêrmei wie se mear as in sekonde rapper as Wüst (1,15.36). De Jong kaam nei 1.15,61 oer de streek.

De wrâldbekerwedstriid yn Noersoeltan is de tredde fan it seizoen. Oer in wike is de fjirde wedstriid yn Nagano, Japan.

(advertinsje)
(advertinsje)