Dennis Veenker wer achtste yn twamansbob

06 des 2019 - 14:32

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is freed wer achtste wurden by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Altenburg. Tongersdei wie er mei syn piloat Ivo de Bruin ek al as achtste einige. Oer twa runs kamen se ta in tiid fan 1.51,63. De winst gie, krekt as tongersdei, nei Richard Oelsner en Henrik Bosse.

Foto: IBSF

De earste run gong knap: Veenker en De Bruin setten mei 55,60 de sechsde tiid del. Dêrnei ferlearen se te folle tiid yn de twadde run: 56,03.

Dit wykein komt Veenker wer yn aksje. Dan yn de fjouwermansbob.

Earste wrâldbeker

Veenker is dwaande oan syn earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Der hat al in wedstriid yn Amearika west, mar dy hat Veenker sjitte litten, omdat it te djoer wie. "It kostet 20.000 euro om de sliden nei Amearika te fleanen", seit Veenker. "Jild is altyd it probleem."

(advertinsje)
(advertinsje)