Freedsmerk: "In swimalvestêdetocht foar BN'ers? Ach, as it mar jild opsmyt!"

06 des 2019 - 13:28

"In swimalvestêdetocht foar BN'ers? Ach, as it mar jild opsmyt!" Dat wie ien fan de wat lakonike reaksjes op de nije plannen fan Maarten van der Weijden. Takom jier sil er sels net swimme, mar lit er dat oer oan bekende Nederlanners. In mearderheid op de Ljouwerter freedsmerk fûn dat in goed idee. "It bringt Fryslân dochs wer moai yn it nijs."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oaren hiene wat twivels oer sa'n nije edysje, mar wiisden op it grutte tal folgers fan Maarten en it feit dat troch him en de BN'ers alle media der wer op dûke sille. "En dat is goed foar de opbringst, no?" As foarbyld waard ek it swimmen yn de Amsterdamske grêften, om jild yn te sammeljen foar de sykte ALS, neamd: dêr soargje de BN'ers ek foar in soad publisiteit.

As suggestje foar bekende Friezen waarden ûnder mear Foppe de Haan, Sven Kramer en Anneke Douma neamd. "Ja, dy Anneke Douma wol ik wolris swimmen sjen!" Fansels wiene der ek krityske lûden: "It bysûndere giet der ôf as je it alle jierren dogge" en "Ik wie al Maarten-moe en ik bin eins ek BN'er-moe, dus om my hoecht it net."

Ferslachjouwer René Koster hifket de mieningen oer de swimalvestêdetocht mei BN'ers

(advertinsje)
(advertinsje)