Nije Sterke Yerke tsjin fersmoarging op see: "We vergiftigen onszelf volledig"

06 des 2019 - 13:28

Fjirtich jier nei't it flot Sterke Yerke 3 tsjin de klippen rûn op Bonêre, komt der in nije Sterke Yerke. Mei de nije Yerke wolle de inisjatyfnimmers omtinken freegje foar de plestik sop: fersmoarging yn de see troch plestik. "We vergiftigen onszelf volledig", seit Wilfred de Jong, ien fan de inisjatyfnimmers.

De Sterke Yerke yn de jierren 70 - Foto: Sterke Yerke

Sûnt 1974 ha der trije flotten west. Dy binne boud troch in freonegroep út Ljouwert. Op see ha se ûndersyk dien nei de oaljefersmoarging yn de Noardzee en de Atlantyske Oseaan. Mei de fjirde wolle se dus it plestikprobleem ûnder de oandacht bringe by de polityk, oerheden, produsinten en de befolking. "We halen geen plastic uit het water, maar gaan wel onderzoek doen en bewustwording creëren."

Al in pear jier dwaande

It plan fan in nije Sterke Yerke is net nij. "We lopen al een aantal jaren rond met dit idee", fertelt De Jong. "Maar een paar jaar geleden zaten we in de crisis en toen konden we het niet van de grond krijgen." Ferline jier wie de bemanning op Bonêre om it monumint foar Sterke Yerke 3 op te knappen. "Toen hebben we ook gezegd: laten we er nou voor zorgen dat er een nieuwe Sterke Yerke komt. En daar zijn we nu dus druk mee bezig."

De bemanning fan de Sterke Yerke yn 2018 by it monumint op Bonêre - Foto: Omrop Fryslân

"Als we met de Sterke Yerke ergens zijn, trekken we enorm veel aandacht", fernimt De Jong. "Niet alleen van het publiek, maar ook van de pers." Dy oandacht wolle se no dus brûke foar it aktuele probleem mei it smoarge wetter. "We gaan jongeren enthousiasmeren om aan boord te stappen van de Sterke Yerke en over het plastic soep-probleem te praten."

Het zal een heel andere herdenking worden dan dat we een halfjaar geleden gepland hadden.

Wilfred de Jong oer de dea fan Chris Schweigmann

De echte ôftraap is op 14 desimber. Dan is op Bonêre de betinking fan de nacht dat de Sterke Yerke III yn 1979 op de kust fan Bonêre strâne. Dan binne de gedachten ek by Chris Schweigmann, dy't in moanne lyn ferstoar. Hy wie yn 1974 ien fan de inisjatyfnimmers fan de Sterke Yerke. "Hij is er wel bij", fertelt De Jong. "We nemen zijn urn met as mee. Het zal een heel andere herdenking worden dan dat we een halfjaar geleden gepland hadden." Schweigmann wie ek bot belutsen mei de opbou en de organisaasje fan de Sterke Yerke 4.

Mei de betinking op Bonêre hoopje de inisjatyfnimmers ek wat publisiteit te krijen. "Met media-aandacht hopen we ook wat gemakkelijker geld te genereren. Qua begroting is de Sterke Yerke 4 een heel ander verhaal dan z'n voorgangers", seit De Jong. "Het eisenpakket is enorm toegenomen. Maar we hebben er zeker vertrouwen in, het enthousiasme is enorm. Onder de Yerkes, maar ook onder de mensen die we benaderd hebben."

Wilfred de Jong fan de Sterke Yerke

(advertinsje)
(advertinsje)