Selstraf foar Roemeen dy't laptop yn Ljouwert stelt

06 des 2019 - 12:24

In man út Roemenië hat twa moanne sel krigen, omdat er yn in winkel yn Ljouwert in djoere laptop stellen hat. Neffens de rjochter wie de man mar mei ien doel nei Nederlân kaam: om guod te stellen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man waard betrape doe't er besocht om de laptop lâns de kassa te smokkeljen, yn in tas dy't er dêr spesjaal foar makke hie.

De Roemeen hat in lang strafblêd en hy is ek foar stellerij feroardiele yn Spanje, Sweden en Dútslân.

(advertinsje)
(advertinsje)