Fryske shorttrackers begjinne goed oan wrâldbeker yn Shanghai

06 des 2019 - 11:58

De Fryske shorttrackers binne goed begûn oan de wrâldbeker yn Shanghai. Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat ha harren pleatst foar it haadtoernoai. Ek de trije efterfolgingsploegen binne troch nei de folgjende ronde.

Rianne de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Suzanne Schulting waard op de 500 meter yn har rit twadde. Dat wie genôch foar pleatsing foar it haadtoernoai. Op de 1000 meter, de ôfstân wêrop't Schulting olympysk kampioene is, wûn se oertsjûgjend har rit. Rianne de Vries waard tredde op de 1500 meter en twadde op de 1000 meter. Yn beide gefallen wie dat genôch foar pleatsing foar it haadtoernoai.

De Laat en Breeuwsma nei haadtoernoai

By de manlju waard Itzhak de Laat twadde op syn 500 meter, genôch om troch te gean nei it haadtoernoai. Ferline wike pakte de Ljouwerter hast syn earste wrâldbekermedalje op dy ôfstân, mar hy waard weromset nei it fjirde plak. De Laat berikte freed ek de heale finale op de 1500 meter. Daan Breeuwsma foel op dy ôfstân, mar hy pleatste himsels in pear oeren letter wol mei in twadde plak op de 1000 meter.

Alle efterfolgingsploegen troch

Op de 'mixed relay' einige Nederlân yn de kwartfinale dield earste mei Súd-Koreä. Foar Nederlân diene ûnder oare Schulting en De Laat mei. De froulju wûnen har kwartfinale op de ploege-efterfolging ienfâldich. De manlju waarden tredde. Dat wie ek genôch foar pleatsing foar de heale finale.

(advertinsje)
(advertinsje)