Premjêre 2.0 foar Fuerza Bruta: foarstellingen fan freed kinne trochgean

06 des 2019 - 11:42

It evenemint Fuerza Bruta yn Ljouwert kin freedtejûn wol trochgean. Dat seit de organisaasje. Tongersdeitejûn soe de premjêre wêze, mar dy waard al gau stillein omdat it te hurd waaide. Foar freedtejûn binne de waarfoarsizzingen better.

De wyn nimt freedtemiddei ôf en dêrom kinne de twa jûnsfoarstellingen trochgean. De organisaasje neamt it de premjêre 2.0.

Fuerza Bruta is in Argentynsk selskip. De foarstellingen wurde holden yn in grutte tinte, njonken it gebou fan Mannen van Staal yn Ljouwert.

Oanwêzigen fan de earste foarstelling krije in kaartsje foar in oare foarstelling de kommende dagen. It selskip jout noch 21 foarstellingen yn Ljouwert.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei de organisaasje

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
(advertinsje)
(advertinsje)