Omrin meast duorsume bedriuw: "Voor ons is dit een aanmoediging"

06 des 2019 - 11:17

De Fryske ôffalferwurker Omrin is it meast duorsume bedriuw fan Nederlân. Dat fynt de Stichting CO2 Neutraal. Omrin is al jierren dwaande om grûnstoffen út ôffal sa folle mooglik wer te brûken. Direkteur John Vernooij hat de bokaal yn ûntfangst nommen. "Voor ons heeft deze prijs heel veel waarde", seit er.

Gerrit Hiemstra, Jelmar Helmhout (wurdfierder Omrin), John Vernooij (direkteur Omrin) en Hanna Verboon - Foto: Stichting CO2 Neutraal

De Stichting CO2 Neutraal besiket it bedriuwslibben te helpen om sa duorsum mooglik te wêzen, ûnder oare mei de ferkiezing fan it meast duorsume bedriuw. Dat is Omrin dus. Omrin is bygelyks sirkulêr omdat se grûnstoffen werom winne en duorsume enerzjy produsearje. Dêrnjonken hat Omrin ek in tal kringloopwinkels. "De optelsom leidt tot deze prijs", seit Vernooij.

Sawat trijekwart fan it ôffal dat Omrin ynsammelet, kin sadwaande wer brûkt wurde. Omrin sammelet it ôffal yn yn tolve Fryske gemeenten, trije gemeenten yn Grinslân en goed 8.500 organisaasjes.

Ambysjes bliuwe

Hoewol't Omrin no dus it meast duorsume bedriuw is, hâldt Vernooij ambysjes: "Het is voor ons een aanmoediging om deze lijn door te zetten en volgende stappen te zetten", seit de direkteur. "We hergebruiken nu dus 75%, maar dat vinden we nog niet goed genoeg. We willen naar de 80% of misschien nog wel hoger. Ook willen we van van onze fossiele energie af. Dat is met ons wagenpark bijvoorbeeld al het geval, maar dat kan nog beter."

John Vernooij, direkteur fan Omrin

Trefwurden: 
Omrin ôffal duorsumheid
(advertinsje)
(advertinsje)