FIDEO: 30 jier De Kast yn Noardewyn Live

06 des 2019 - 18:00

De Kast bestiet 30 jier en dat waard freed fierd mei in spesjale útstjoering fan Noardewyn Live. Trije oeren lang stie de Fryske band mei frontman Syb van der Ploeg sintraal op it muzikale doarpsplein fan Fryslân.

Alle oeren spile De Kast sels twa nûmers. Fierder waard it programma oanfolle mei artysten dy't op folslein eigen wize nûmers fan De Kast coveren. Sa is Ype Zaal in jonge muzikant, dy't faak nûmers fan Bob Dylan spilet. Foar dizze jubileumútstjoering die er Dylan-eftige covers fan De Kast. De band The Crooked die dat op in punkrockwize en sjongeres Iris Kroes mei de harp. Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Marcel Smit spilen mei har trijen.

Fierders wiene ek Johannes Rypma, Adri de Boer, Eddie Mulder en de band WIEBE te gast. Tusken de optredens troch waarden de gasten ynterviewd troch presintator Willem de Vries. "It wie in protte geregel, mar we ha it foar elkoar krigen. It wurdt in lekker 'ongedwongen' feestke foar muzikanten. Op syn Noardewynsk dus", seit De Vries.

Jubileumkonsert

Der waard net allinnich weromsjoen op 30 jier De Kast, mar ek foarút nei it jubileumkonsert fan de band. Op sneon 14 desimber is dat yn AFAS Live yn Amsterdam, mei as spesjale gasten Arjen Lubach en Janine Abbring. It duo hie yn 2001 ûnder de namme Slimme Schemer in grutte hit mei it nûmer 'Jelle', oer in obsedearre fan dy't brieven skreau oan Syb van der Ploeg. Kaarten foar it jubileumkonsert binne te keap fia de webside fan De Kast.

Sjoch hjir de folsleine útstjoering fan Noardewyn mei De Kast:

Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân mei presintator Willem De Vries, is alle wiken op freedtemiddeis fan 13.00 oere oant 16.00 oere rjochtstreeks te folgjen op radio, telefyzje en ynternet. In kompilaasje fan de útsjoering is sneontejûns te sjen fan 18.40 oere ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)