Wâldpiken winne striid fan klaaikluten mei earmkedrukken

De wâldpiken slaan foarearst foar master op yn Fryslân. Hoewol't de 'striid tusken klaaikluten en wâldpiken' op it poadium fan IepenUP live yn in lykspul einige, wie teamlieder Emiel Stoffers fan de Wâldpiken by it earmkedrukken as 'shootout' krekt wat sterker as de teamlieder fan de Klaaikluten, Aant Jelle Soepboer.
Neffens Bert Looper fan Tresoar ha beide befolkingsgroepen oars net te kleien oer posysje, identiteit en folksaard. Looper seit dat we we dat oanbelanget mear begrutsjen ha moatte mei it saneamde oergongstipe, de Friezen dy't yn de omkriten fan bygelyks Nij Beets wenje. Yn âld-wittenskiplik ûndersyk wurdt nammentlik beskreaun dat dit 'volk ernstig te lijden heeft onder de disharmonie van het karakter'.

'Mear omtinken foar Fryske skiednis yn it ûnderwiis'

Wol hie publyk yn De Backstage fan kafee Neushoorn in advys oan de direkteur fan it wittenskiplik ynstitút. "Der moat mear oandacht komme foar de Fryske skiednis yn it basis- en middelber ûnderwiis", sa waard sein. As de Friezen har mear bewust wurde fan har eigen posysje yn de Nederlânske skiednis, sil sûnder mis ek de wurdearring en it sprekken fan de eigen taal tanimme.
Ien fan de oanwêzige gasten hie yn dat ramt it idee om fan in âld autentyk Frysk doarp in iepenloftmuseum te meitsjen. Mei ûnder oare iepenloftspullen soe yn dat doarpke dan de Fryske skiednis libjend holden wurde kinne. Ek soe sa'n projekt boppedat in positive ynfloed op it toerisme hawwe kinne.

Takom wike: diskriminaasje yn de fuotbalwrâld

Nije wike is IepenUP live der wer. Dan mei oandacht foar diskriminaasje yn it fuotbal. Dêrby sil it net allinne gean oer misledigingen op it mêd fan hûdskleur, mar ek seksuele aard. Dizze jûn komme sawol de spilers as liedingjaanden út de fuotbalwrâld. Ek de KNVB fynt dat maatregels needsaaklik binne en sil dêr dizze jûn mear oer fertelle.
Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân en de Omrop-app.