"Ynwenners Noardeast-Fryslân krije measte krystkaarten"

Mei gemiddeld 7,2 krystkaarten de ynwenner is Noardeast-Fryslân de Fryske gemeente dêr't de measte krystpost besoarge wurde sil. Dat seit Greetz, in webside dêr't kaarten fia ferstjoerd wurde kinne. Hearrenfean en Opsterlân folgje op it twadde en tredde plak.
© Greetz
Yn Hearrenfean wurde gemiddeld 5,3 krystkaarten de ynwenner besoarge en yn Opsterlân 5,0, sa docht bliken út de sifers fan it bedriuw. Op it fjirde plak is De Fryske Marren te finen en Waadhoeke op it fiifde.
Der is ek sjoen wat it ferskil tusken de provinsjes is. Drinte komt dêrby as koprinner út de bus, mei 5,1 krystkaarten de ynwenner. Dan folgje Seelân en Grinslân en krekt dêrûnder stean de Friezen mei 4,8 krystkaarten de persoan. Ynwenners fan Oerisel binne it minst populêr as it giet om krystkaarten, sy krije 'mar' 3,7 kaarten de persoan.
Neffens Greetz is it tal krystkaarten dat we ferstjoere wol ôfnaam de ôfrûne jierren, benammen yn de perioade nei de krystdagen wurde minder krystkaarten ferstjoerd.