Kollum: "Rêstich bliuwe"

06 des 2019 - 08:35

"Wat is rêst en wannear bist rêstich? Dit binne no krekt fan dy fragen om te stellen yn dizze perioade fan it jier. Sûnt it earder tsjuster is en de dagen koartsje, ha ik serieus besocht om my jûns del te jaan. Kearskes oan, langút op 'e bank mei in bakje tee en efkes sjen wat der op 'e telefyzje komt. Mei safolle stjoerders is dat net in soad fatsoenliks en sa't jim al wisten, ergerje ik my nochal oan de reklames.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Hjir waard ik dus bepaald net rêstiger fan en de ferfeling kaam dan ek al gau om 'e hoeke sjen. Ik soe bêst wol in protte oare dingen útfine kinne, sa as fotoboeken meitsje fan alle foto's dy't ik noch ha, of tekenje en skilderje, mar dêr taal ik ek net nei . Fan lêzen wurd ik wurch, skriuwe doch ik it leafste oerdei en ik ha gjin nocht om jûns nei de sportskoalle te gean. Domwei wat scrolle op social media kin ek net mear want ik ha mysels in winterstop oplein.

Ik bin mear it type foar lange dagen en soele simmerjûnen, omdatst dan gewoan lekker bûten wêze kinst, mar dy hawwe wy op 't heden net sa folle. Dus besykje ik my dochs mar oer te jaan oan de leechte fan dit seizoen en wer wat bewuster fan mysels te wurden. Dit is letterlik in perioade fan stilstean en thúswêze én de bûtenwrâld bûten de doar hâlde om it inerlike libben mear oandacht te jaan. Wa bist foarby de ferfeling en it moatten datst dysels oplein hast?

Echte rêst komt neffens my ta stân as it yn 'e holle net in gekkehûs is. By in protte minsken giselje de gedachten dei en nacht yn 'e rûnte. De trúk om se net ivich en altyd te hearren, is om dwaande te wêzen en letterlik de gedachten te fersetten. Ast sa libbest, stiest altyd oan, sawol geastlik as lichaamlik en dat giet my yn 'e simmer gâns better ôf as yn 'e winter, want dan ha ik mear enerzjy.

Positive gedachten binne prima, mar de negative kinne dy behoarlik opnaaie en fan 't sintrum bringe. En eltse kear as se mei dy oan 'e haal geane, rekkest dysels kwyt. Miskien is it wol sa slim datst der net iens mear fan sliepe kinst. In oare manier om de geast del te bêdzjen, is bygelyks meditearje. Mar dat is net myn ding, want dêr ha ik it geduld net foar of ik sit my in breuk. Ik bin mear immen fan de koartste klap en lústerje graach nei wize minsken dy't dêr goede tips foar ha.

Ien fan dy tips is om net alle kearen oan te heakjen yn de polonêze fan it tinken. Gedachten komme en gean mar it is net altyd feest, dus bepaalst sels wol oftst al as net meigiest yn 'e gekte. In oare goede tip is it sizzen fan dyn eigen namme, yn dysels of lûdop. Ast dat dochst dan sitst fuortendalik wer op dyn eigen frekwinsje .

As ik bygelyks op de bank lis te tinken dat ik fan alles útfine moat en myn tiid wol better brûke kin, dan bin ik net rêstich en sit ik yn myn holle. Mar as ik dan myn namme neam, bin ik direkt fokusse op mysels. Op sa'n momint krij ik in ûntspannen gefoel yn it liif, kin ik my deljaan en de polonêze oan my foarby gean litte. Fanút dy steat fan wêzen is der ek gjin romte mear foar ferfeling en kin ik fanút alle rêst sizze dat ik bliid bin as de dagen aanst wer langje!"

(advertinsje)
(advertinsje)