Op 'en paad mei Sinteklaas: 5 desimber entûsjast fierd yn Fryslân

06 des 2019 - 07:52

Sinteklaas kin weromsjen op in slagge pakjesjûn yn Fryslân. Yn de hiele provinsje waard it feest fan 5 desimber wer fierd. Sinteklaas en syn piten hiene it der mar drok mei om alle pakjes op tiid by de minsken te bringen. Ferslachjouwer Johanna Brinkman gie mei se op 'en paad nei Burgum en Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Sjoch, de moanne troch de beammen, berntsjes wês doch efkes stil
't Is de jûn fan Sinteklaas no, wat er ús ris bringe sil?

Sinteklaas wie net senuweftich doe't er oankaam by in hûs oan de Einekroas yn Burgum. "De kinderen vinden het heel spannend, maar ik niet. Piet heeft alles in de macht", sei er. Pyt kloppe op de ruten en de bern yn 'e hûs begûnen te razen. Einlik is Sinteklaas der! Ut folle boarst songen de bern en harren âlden Sinterklaasje, kom maar binnen met je knecht.

Nei it iten fan pipernuten kaam it grutte boek foar it ljocht. Siebren hie hiel leaf west en krige lego. Roxanne en Sacha pakten beiden in skateboard mei in ienhoarne út. Ek de âlden moasten wat dwaan. Zie ginds komt de stoomboot waard songen en alle manlju moasten in stoomboat neidwaan. It soarge foar in soad hilariteit.

Pakjesjûn yn Burgum

Foto: Omrop Fryslân

Nei Burgum gongen Sint en Pyt troch nei Ljouwert. Nei it sjongen fan in pear ferskes, wie Tara oan bar. Sy is 16 jier en stiet noch hieltyd yn it grutte boek fan Sinteklaas. Se hâldt fan kickboksen. It geroft gong dat Tara ferkearing hat, mar Sinteklaas sei dat dat net sa is. Tara wie it mei him iens: "Als iemand het weet..."

Tim en Nyck krigen in trommel en in bistepiano. De famylje is tige muzikaal en dêr begjinne se al op jonge leeftiid mei. Wol fiif pûden mei kadootsjes hie Sinteklaas foar de famylje meinaam, se koenen fan it útpakken wol nachtwurk meitsje.

Pakjesjûn yn Ljouwert

Nei de slagge pakjesjûn ha Sinteklaas en syn piten de boel wer gau byinoar pakt foar de reis werom nei Spanje. Dêr kinne se oant takom jier wer oan de Costa yn de sinne genietsje fan gleskes sangria.

(advertinsje)
(advertinsje)