Jonkje (13) mei mear as tritich nitraatbommen oanhâlden yn Ljouwert

06 des 2019 - 06:54

De plysje yn Ljouwert hat in 13-jierrige jonkje oanhâlden dy't 36 nitraatbommen by him hie. De plysje gie nei de Schieringerwei fanwege meldingen oer fjoerwurkoerlêst. Twa jonges naaiden út doe't se de plysjes seagen.

De 13-jierrige jonge koe nei in efterfolging oanhâlden wurde. Neist de 36 nitraatbommen dy't hy by him hie, fûn de plysje by him thús nochris 30 eksimplaren fan dit swiere, yllegale fjoerwurk. Dy binne yn beslach naam en wurde ferneatige.

Yn oerlis mei de âlden is de jonge oanmeld by buro Halt, dat ynskeakele wurdt by jeugdkriminaliteit.

(advertinsje)
(advertinsje)