Wolvegeaster (28) oanhâlden nei rebûlje en botsing yn Ljouwert

05 des 2019 - 23:02

In 28-jierrige man út Wolvegea, dy't ûnder ynfloed fan THC yn syn auto ried, is tongersdeitemiddei oanhâlden troch de plysje. Om kertier oer trijen hinne ûntstie der rebûlje op it Zuidvliet yn Ljouwert.

Foto: ANP

De autobestjoerder ried dêrnei lilk fuort oer in fytspaad en botste úteinlik tsjin in oare auto oan. Dêrnei ried hy troch.

De plysje hat it kenteken fan de auto en it sinjalemint fan de man ferspraat yn de regio. In plysje trof de auto en de bestjoerder letter oan yn Twizel. Hy waard steande hâlden en oppakt.

Flybtest

Ut de flybtest dy't folge die bliken dat de man ûnder ynfloed fan THC wie. De auto waard troch de plysje yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oanhâlding THC
(advertinsje)
(advertinsje)