Fryske boeren riede har ta op de aksje foar de krystdagen

Boeren yn Fryslân binne har oan it tarieden op de oankundige aksje foar de krystdagen. Dy aksje is rjochte op distribúsjesintra yn ús lân. Sa wolle de boeren de minsken bewust meitsje fan it belang fan de boeren foar harren iten.
Fryske boeren riede har ta 2
De aksjegroep Farmers Defence Force hat boeren frege om groepen fan fyftich trekkers te foarmjen op ferskate plakken yn it lân. Op social media is te sjen dat der oant no ta alve groepen yn oprjochting binne. Der soene al tûzen trekkers oanmelden wêze yn Fryslân.

Moandei definitive datum

Wannear't de aksje krekt wêze sil, is noch net bekend. Moandei sil der in definitive datum keazen wurde. Njonken blokkade-aksjes sille boeren ek grienten, fruit en fleis oan hûs ferkeapje.
Jeroen van Manen fan de Farmers Defence Force sei earder al by de NOS: "Zie het als een wanhoopsdaad of als een ultieme waarschuwing aan de samenleving".
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort