Premjêreshow Fuerza Bruta yn Ljouwert stopset fanwegen hurde wyn

De premjêreshow fan it Argentynske selskip Fuerza Bruta giet tongersdeitejûn net mear troch fanwegen de hurde wyn. De spektakelshow soe opfierd wurde yn in grutte tinte, neist it gebou fan Mannen van Staal yn Ljouwert. It earste optreden wie al oan 'e gong doe't it beslút nommen waard.
Premjêreshow Fuerza Bruta yn Ljouwert stopset fanwegen hurde wyn
De organisaasje hie hope dat it waar better wurde soe. Doe't dúdlik waard dat it dochs net fertroud wie, waard besletten de show stop te setten.
By de premjêreshow wiene in soad minsken oanwêzich. Sy krije in kaartsje foar in oare foarstelling de kommende dagen. It selskip jout noch 21 foarstellingen yn Ljouwert. Ek boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wie oanwêzich by de premjêre.
Freedtejûn sil de twadde show wol trochgean, sa't it no liket. It is ûnderdiel fan it ferfolch op Kulturele Haadstêd.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers