FIDEO: Rens en Doutzen Kroes prate yn it Frysk oer harren jeugd

05 des 2019 - 22:00

Rens en Doutzen Kroes fertelle yn in filmke op YouTube oer harren jeugd. Sy litte dêryn foto's en filmkes sjen fan de tiid dat sy bern wiene. Sa hawwe se yn it ferline wolris fereale west op deselde jonge, al wurdt net dúdlik wa't úteinlik ferkearing krige mei him. Opfallend is dat de sussen Kroes earst Ingelsk prate, mar al gau oerstappe op it Frysk.

(advertinsje)
(advertinsje)