Maarten oer fernuvere reaksjes: "Geen capaciteit om tocht Van der Pal te kunnen organiseren"

05 des 2019 - 21:21

"Het organiseren van onze zwemtocht is een enorme klus. Er zijn vorig jaar honderden vrijwilligers dag en nacht bezig geweest. De organisatie van de tocht van Stefan van der Pal kunnen wij er daarom niet bij hebben." Dat sei Maarten van der Weijden tongersdeitejûn yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân.

Foto: Anton Kappers

Hy reagearre dêrmei op hiel wat reaksjes op social media. Guon minsken binne fernuvere no't der takom jier twa eveneminten organisearre wurde: de tocht fan Stefan van der Pal fan Ljouwert en de swimalvestêdetocht yn estafettefoarm mei ferskate ferneamde Nederlanners en Maarten van der Weijden. Minsken fine it benammen spitich foar Van der Pal.

"En onze Friese zwemmer dan?"

"Alweer? En onze eigen Friese zwemmer dan?" En: "Ze zwemmen toch voor hetzelfde doel?" Dat wiene inkelde reaksjes dy't tongersdei binnen kamen op de social media.

Harkje hjir nei ferskate fernuvere reaksjes op social media

Stefan van der Pal fan Ljouwert makke earder dit jier al bekend dat hy yn 2020 de tocht by de alve Fryske stêden del swimme wol. Hy moat it lykwols wol sûnder de stipe fan de Maarten van der Weijden Foundation dwaan. It plan fan Van der Pal past net yn it projekt dat de Foundation organisearje wol.

"Gaat lastig samen"

"Het concept wat wij hebben is toch behoorlijk anders dan wat hij heeft. Dat gaat lastig samen en dat heb ik hem ook verteld", seit Maarten van der Weijden. "Voor de rest wil ik hem op alle fronten helpen, maar we hebben de capaciteit niet om de tocht voor hem te organiseren."

"Ik vind het een beetje gek dat de andere hulp niet genoeg zou zijn. Ik doe wat ik kan om zoveel mogelijk geld op te halen voor kankeronderzoek en wil Stefan daar graag mee helpen."

Dat betsjut dat der takom jier twa grutte swimtochten hâlden wurde yn Fryslân. Wannear't Van der Pal swimme sil, is noch net bekend. De tocht fan Van der Weijden en oare BN'ers sil tusken 28 en 31 augustus plak fine.

Harkje hjir nei de reaksje fan Maarten van der Weijden

(advertinsje)
(advertinsje)