Basisskoaldirekteur: "Wy moatte it Frysk net tefolle oplizze"

05 des 2019 - 20:47

Direkteur Gerben Veenstra fan basisskoallen yn Drylts en Wâldsein werkent him yn it byld dat der yn it ûnderwiis net in soad dien wurdt oan de Fryske taal. Dat sei hy tongersdeitemiddei yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân.

Underwiis - Foto: Shutterstock.com

Neffens de wet moatte alle Fryske skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis it fak Frysk oanbiede, mar de ûnderwiisynspeksje hat fêststeld dat der op de measte skoallen dy't ûndersocht binne noch te min dien wurdt oan de taalbehearsking.

Logyske oarsaak

It minne omtinken foar it Frysk hat in logyske oorsaak, fertelt Veenstra. "Ik wit dat de basisskoallen op dit momint in hiel soad foar de kiezzen krije en dus prioriteiten stelle moatte. As de ûnderwiisynspeksje sjocht hoe't de kwaliteit fan it ûnderwiis is, dan giet dat út fan de Nederlânske taal en it rekkenjen en dêrby hawwe wy de ôfrûne jierren it passend ûnderwiis foar de kiezzen krigen en fine we mei-inoar Ingelsk ek belangryk."

Neffens de skoaldirekteur freget benammen it passend ûnderwiis in soad tiid. "As ik trije berntsjes út Syryske gesinnen ha, twa bern mei dysleksy yn de klasse en ik haw de kar tusken Nederlânsk, Frysk of Ingelsk, dan giet de earste prioriteit nei it Nederlânsk en dan komt it Ingelsk, dêrnei pas it Frysk."

Net tefolle oplizze

As it oan deputearre Sietske Poepjes leit, dan giet it tafersjoch op it Frysk fan de ûnderwiisynspeksje nei de provinsje. De deputearre tinkt der sels oan om dan boeten út te dielen oan skoallen dy't net genôch oan it Frysk dogge.

It ministearje fan Underwiis fynt it gjin goed idee om it tafersjoch op it fak Frysk by de provinsje te lizzen. Dat sei in wurdfierder fan minister Van Engelshoven as reaksje op deputearre Sietske Poepjes.

Veenstra: "Ik ha de ambysjes fan frou Poepjes lêzen en dêr fyn ik wol wat fan. As je sa as provinsje mei de saak omgean wolle, dat fyn ik net kinnen. Alle learkrêften it foech Frysk helje litte wolle en alle skoallen ferplichtsje dat it jûn wurde moat, ek foar de skoallen dy't no in ûntheffing hawwe. Ik tink dat je it Frysk net sa belibje moatte mei-inoar, dat je it net oplizze moatte."

Frysk ferstean kinne

"Wy moatte posityf stean tsjinoer de Fryske taal en soargje dat de bern en de minsken it ferstean kinne. Der komt ek in hiele trek fan de Rânestêd út nei Fryslân ta. Wolle we dy minsken oplizze dat se Frysk prate moatte? Ik fyn fan net. Ik fyn dat se it ferstean kinne moatte, yn stee fan dat we it no bestjoerlik oplizze, want dat is wat no barre sil", tinkt Veenstra.

Bettere metoaden

As it tafersjoch dan dochs by de provinsje lizzen komt, dan hat Veenstra noch wol in fersyk: bettere metoaden.

"Tweintich jier lyn hiene we Studio F en, dat wit de provinsje ek, dat is totaal net oanslein op de skoallen. We moatte earst de middelen hawwe dêr't wy goed mei wurkje kinne. Mar dan kom ik noch wer op it feit: ik tink dat it belangryk is dat we earst mei-inoar sjogge dat we inoar ferstean, yn stee fan dat wy it Frysk skriuwe en lêze kinne moatte."

Basisskoaldirekteur Gerben Veenstra yn Weistra op wei

(advertinsje)
(advertinsje)