Histoaryske feriening tsjin plannen foar sinnepark by De Pein

05 des 2019 - 19:54

Guon omwenners fan de Legauke yn De Pein binne net bliid mei de plannen foar in sinnepark op de histoaryske grûn. Op it plak dêr't in Dútsk bedriuw mooglik it park pleatse wol, binne yn de Twadde Wrâldoarloch fersetsstriders om it libben kommen by in ynfal.

Foto: Omrop Fryslân

Dat barde op 22 novimber 1944, by de pleats fan de famylje De Vries. Neffens Geke van Boekel, foarsitter fan de histoaryske feriening fan it doarp, binne dêr ferskriklike saken bard.

Deaden troch fjoergefjocht

"De pleats lei nochal út de rjochting", neffens Van Boekel. "Der sieten in soad ûnderdûkers yn de Twadde Wrâldoarloch. Se tinkt dat troch ferried yn novimber '44 de Dútsers by de pleats kaam binne. Doe't it ta in fjoergefjocht kaam, ferstoaren meardere minsken. Dat wiene twa soannen fan De Vries, in ûnderdûker en in Dútser."

Nei it fjoergefjocht kamen de Dútsers werom. De pleats waard leechhelle en dêrnei yn brân stutsen. Nei de oarloch waard net fier fan dat plak in nije pleats boud: 'De Oerwinning'.

It plak by de Legauke dêr't mooglik it sinnepark komme kin, is foar guon ynwenners fan De Pein in beladen plak. Dêrnjonken is it ek archeologysk weardefolle grûn, neffens Van Boekel. "As der wat barre sil, moat der earst ûndersyk komme. Tsientûzen jier lyn wennen der al minsken."

Noch gjin oanfraach

Hiel fier binne de plannen noch net. Der hat lêsten in ynformaasjegearkomste west. Der is ek noch gjin offisjele oanfraach yntsjinne troch it bedriuw út Dútslân dat it park bouwe wolle soe.

Geke van Boekel fan de histoaryske feriening

(advertinsje)
(advertinsje)