UPDATE: A7 wer frijjûn nei ûngelok by Lúkswâld

05 des 2019 - 18:09

Op de A7 ta hichte fan Lúkswâld hat tongersdei oan de ein fan de middei in ûngelok west. Der wiene meardere auto's by belutsen. It is net bekend oft der ek minsken ferwûne rekke binne.

Foto: ProNews

Meardere helptsjinsten wiene al gau te plak. Fanwegen it ynsidint wie de dyk in skoft ticht, mar ferkear koe wol fia de flechtstreek fierder ride. Efkes nei seis oere waard de dyk wer frijjûn.

Der stie in skoft sa'n seis kilometer file op de A7 fan Drachten yn de rjochting fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Lúkswâld
(advertinsje)
(advertinsje)