Ministearje: ûnferstannich om tafersjoch op it Frysk by provinsje te lizzen

It ministearje fan Underwiis fynt it gjin goed idee om it tafersjoch op it fak Frysk by de provinsje te lizzen. Dat seit in wurdfierder fan minister Van Engelshoven as reaksje op deputearre Sietske Poepjes. Poepjes fynt dat de taak fan it tasjen op it Frysk better by de provinsje lizze kin as by de Underwiisynspeksje.
© Omrop Fryslân
"De ûnderwiisynspeksje is in goed plak, mar wy binne in better plak", sei de deputearre nei't tongersdei bekend waard dat it nivo fan it fak Frysk noch hieltyd net goed genôch is. "Wy tinke dat de taak fan it tasjen op it Frysk yn it ûnderwiis it alderbêste by de provinsje Fryslân past. Net foar taal of rekkenjen, dat moat echt by de ûnderwiisynspeksje bliuwe. Mar wy as provinsje moatte dat kontakt hawwe mei alle lagen fan it ûnderwiis," seit Poepjes.

Unferstannich

Mar dy taak fan it tafersjoch by de provinsje dellizze, is in ûnferstannich idee, neffens it ministearje. "Toezicht houden op de kwaliteit van het onderwijs is niet iets dat je zomaar bij een andere partij kan neerleggen. De inspectie is hier goed op toegerust en heeft de wettelijke taak."