De Doelleazen: "Us nûmers binne harsenskeetsjes"

Wa ken se net: de Fryske dj's Syb en Ronald, dy't as De Doelleazen alle kroegen, kafees en feesttinten op 'e kop sette. Dit jier besteane se tsien jier en dat fiere se mei it album 'Skijt oan de rest'. In plaat grôtfol mei covers en eigen wurk. "Wy doge foar gjin kwartsje", laitsje de manlju.
© De Doelleazen
The Cliffs of Moher fan Gurbe, Piter Wilkens syn Knoopkes of it Bûthúsbankje fan De Wiko's: do kinst wer stimme op de Fryske Top 100! Njonken de bekende nûmers sitte der faaks ek in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. De kommende wiken stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Dizze kear: De Doelleazen.
'By Melle' is ien fan jimme nije nûmers op it album: wêr giet it oer?
"Melle is de útbater fan kafee en diskoteek Café Prins yn Kollumersweach. Hjir sitte wy geregeld nei in optreden foar in bierke. Yn de folksmûle sizze se yn stee fan Café Prins faak 'Melle'. En sa ûntstie it plan foar it nûmer 'By Melle.' Yn 'e bus hawwe wy de tekst betocht. Us eigen nûmers geane eins altyd oer dingen dy't wy meimeitsje. Gewoanwei binne wy wol trije wiken mei sa'n nûmer dwaande, mar 'By Melle' wie yn twa dagen klear."
En doe nei it kafee om de clip op te nimmen?
"Jawis! Sa'n plaat moat ek in clip hawwe, dus dy ha wy by Melle opnommen. Op Facebook hawwe we in oprop dien om wat publyk by inoar te krijen. 'Wa wol op sneintejûn by Melle lânskomme foar ús klip?' Der kaam gelokkich hiel wat folk op ôf. Folle bak yn it kafee dus!"
“Anneke Douma rôp fuort: Ah jonges, wat leuk!”
Syb en Ronald fan De Doelleazen
It nûmer falt yn de smaak. Hiene jimme dat tocht?
"Hielendal net. Eins is it albumopfolling, wy hienen noch ien nûmerke nedich. Mar hy docht it folle better as dat wy ferwachte hiene. Somtiden wurket dat sa: in nûmer datst yn twa dagen tiid klear hast, falt mear yn 'e smaak as ientsje dêr'tst tiden mei dwaande bist."
Wat stiet der noch mear op it album?
"Mear eigen wurk en fansels in pear moaie covers fan Fryske nûmers. Dêr binne wy by eintsjebeslút grut mei wurden. Fan Anneke Douma oant Piter Wilkens: der komt fan alles foarby."
Meie jim samar in ferske coverje?
"Wy belje fan tefoaren wol efkes mei de artyst. Soms sjocht dy it hielendal net sitten. Dan dogge we it net. Mar meastal binne se wol entûsjast. Anneke Douma ek. Dy rôp fuort: Ah jonges, wat leuk!"
Dus jimme hawwe wer genôch nije tracks foar yn feesttinten en disko's?
"En dat is mar goed ek, want wy krije it aanst wer smoardrok. Twa wiken foar Ald en nij is it altyd gekkehûs. Dan spylje wy hast non-stop op feestjes. Op Aldjiersdei hawwe wy as Doelleazen twa optredens en jûns moatte we noch draaie. Ach, fan thús sitten wurde wy ek mar djip ûngelokkich."
Ronald fan De Doelleazen