Gjin straf foar fernielen ruten yn Oerterp

In man fan 50 jier út Oerterp krijt gjin straf foar it bedriigjen fan syn buorlju en it fernielen fan har huzen en auto's. De rjochter hat him ûntslein fan rjochtsferfolging omdat de man folslein ûntarekkenber wie: hy siet yn in psygoaze.
© Srfotografie
It spile allegear trije jier lyn. De man wie sa dwers troch alles hinne dat er syn buorlju mei de dea bedrige en auto's en ruten fernielde. By ien fan de buorlju gie er yn 'e hûs en rjochte er foar mear as tritichtûzen euro skea oan.

Flinke skeafergoeding easke

In âlder pear dat sa skrokken wie fan de man, hie mear as 23.000 euro skeafergoeding easke. Mar omdat de man net ferfolge wurde kin, omdat er net tarekkenber is, kin de rjochtbank dy eask om skeafergoeding net tawize.