Wetterskip sil baggerje yn Holwerter en Raarder Feart

05 des 2019 - 16:13

It wetterskip sil yn desimber de Holwerter Feart en de Raarder Feart oer in lingte fan mear as tsien kilometer baggerje. It stik tusken Holwert en de Dokkumer Ie wurdt djipper. Dat moat soargje foar in bettere oan- en ôffier fan wetter en in bettere wetterkwaliteit.

Holwerter Feart - Foto: Google Street View

Yn totaal stoart it wetterskip 75.000 kante meter baggerslib yn twa greiden. Dy stikken weilân moatte noch oanlein wurde en komme súdlik fan de Dwarsmear te lizzen.

It baggerwurk duorret oant 1 july. De Holwerter Feart is ûnder it baggerjen tusken moandeis en freeds net te brûken foar de feart. Yn it wykein wol. De Raerder Feart bliuwt befarber.

Bagger is in laach fan sân, slib en oare lagen op de wetterboaiem dy't alle jierren sa'n twa sintimeter groeit. Dat is in natuerlik proses. De laach ûntstiet bygelyks troch deade wetterplanten.

(advertinsje)
(advertinsje)