Soargen supermerken oer nije aksjes fan boeren

05 des 2019 - 15:44

De koepelorganisaasje foar supermerken, it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel (CBL), makket him soargen oer de plannen fan de Farmers Defence Force om distribúsjesintra te blokkearjen. As dy plannen trochgeane, wurdt de ynfrastruktuer yn Nederlân hurd troffen, seit de organisaasje.

Lege skappen yn in supermerk: ek mei de krystdagen? - Foto: ANP

Mei de nije protestaksje wolle boeren de itensfoarsjenning foar de krystdagen stillizze. Mar mei dizze aksjes treffe de boeren de konsumint, seit it CBL. "De consument, die de eerdere boerenprotesten nog met sympathie begroette, wordt hiermee geraakt. Bovendien treft het mede-ondernemers in de voedselketen, die nu aan de vooravond van de drukste periode van het jaar staan."

"Oan deselde kant"

Neffens it CBL steane boeren en supermerken oan deselde kant: "Het is zinloos om de consument met lege schappen, een lege koelkast en een sober kerstmaal te confronteren. Dit dupeert iedereen en brengt de oplossing geen stap dichterbij. Supermarkten zullen er alles aan doen om ervoor te zorgen dat winkels kunnen worden bevoorraad."

Boeren wolle de nije aksjes hâlde, omdat se fine dat se hurd troffen wurde troch kabinetsbelied. De regearing wol maatregels om de stikstofútstjit yn Nederlân omleech te bringen. Dat is nedich om beskerme natuergebieten sûn te hâlden. De lânbousektor is de grutste feroarsaker fan de stikstofútstjit.

(advertinsje)
(advertinsje)