Bobslider Veenker wurdt achtste by earste wedstriid

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is by de Europe Cup yn it Dútske Altenburg achtste wurden. Veenker en piloat Ivo de Bruin setten oer twa runs in tiid del fan 1.51,55 yn de twamansbob. Dêrmei wiene se 0,85 sekonde dreger as it winnende duo: Richard Oelsner en Eric Strauss út Dútslân.
© IBSF
Der siet kwa tiid hast gjin ferskil yn beide runs. De earste run duorre 55,78 sekonde, de twadde 55,77. By de twadde run wie de start in stik sterker, mar by de earste run just it lêste diel.
Freed stiet der noch in wedstriid foar de twamansbob op it programma. Letter yn it wykein komt de fjouwermansbob yn aksje.

Te djoer

Foar Veenker en De Bruin wie it de earste wedstriid fan it seizoen. Der hat al in wedstriid yn Amearika west, mar dy hiene se sjitte litten, omdat it te djoer wie.