Nyck de Vries tige wiis mei nije wrâldkampioenskipsstatus Formule E

05 des 2019 - 14:18

Formule E-koereur Nyck de Vries is tige wiis mei de nije wrâldkampioenskipsstatus fan syn klasse. Dat hâldt yn dat de kampioen him offisjeel wrâldkampioen neame mei.

Takom seizoen wurdt de Formule E opwurdearre nei dit heechste nivo, sa hat it wrâldbûn FIA bekend makke. It bewiis dat de Formule E bot serieus naam wurdt, fynt de Vries. Hy waard kampioen yn de Formule 2 en debutearre twa wiken lyn yn Saûdy-Arabië yn de folslein elektryske kompetysje.

Hektysk libben

De Vries wie woansdei as gast by in netwurkgearkomste fan it keatsbûn. Hy fertelde dêr oer syn hektyske libben, want hy kaam krekt thús en giet tongersdei op nei Parys, dêrnei nei Dútslân, Monako, Bachrein en Ingelân, allegearre noch yn desimber. Takom jier giet hy nei in fakânsje troch mei de Formule E, mar ek sil hy de autorace '24 oeren fan Le Mans' wer dwaan.

De koereur is op it stuit net dwaande mei de Formule 1. Hy hopet wol op wat trainingsoeren yn dy klasse, mar alle fokus leit op de Formule E.

Nyck de Vries

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)