Syb van der Ploeg fiert jubileum De Kast ek mei Arjen Lubach

05 des 2019 - 14:15

Op 14 desimber fiert De Kast yn AFAS Live it tritich-jierrich jubileum, mei in soad spesjale gasten. Sa ek Arjen Lubach en Janine Abbring dy't ûnder alias 'Slimme Schemer ft. Tido' it nûmer Jelle útbrochten, wêryn't sjonger Syb van der Ploeg op 'e hakke naam waard.

Foto: Remko van der Klis

It nûmer, in parody op 'Stan' fan Eminem en Dido, waard yn 2001 útbrocht en soarge al gau foar problemen: it management fan De Kast spande in rjochtsaak oan. "Hy sei, wy tochten dat fine se hartstikke leuk. En dat it dan resultearre yn in rjochtsaak, dat hiene se net ferwachte," sei Syb van der Ploeg. Undertusken is de striidbile bedobbe en is De Kast al mei de twa oan it repetearjen. "Wy hawwe der enoarm oer lake oer hoe't it doe gien is."

"Sawiesa is it in fersoeningskonsert", fertelt de sjonger. "Eltsenien dy't yn it ferline wat mei ús te meitsjen hân hat komt del. It wurdt in prachtige sjo."

Alvestêdetocht

Syb van der Ploeg is ien fan de BN'ers dy't oar jier meiswimme sil by de Swimalvestêdetocht. "Ferline jier, doe't Maarten krekt de swimtocht foltôge hie, hat hy my belle: dit en dit is myn plan en hoe stiesto dêr tsjinoer en hoe soene se dêr op reagearje yn Fryslân?"

Van der Ploeg wie fuort posityf en hat tasein it stik nei Dokkum te swimmen. "Ik haw 'm riden, fytst, skeelere en stept, mar noch net swommen."

Syb van der Ploeg oer it jubileumkonsert en de swimalvestêdetocht

(advertinsje)
(advertinsje)