24 skiep deabiten: is der in wolf aktyf yn Slappeterp?

Yn Slappeterp binne yn twa nachten 24 skiep deabiten by in boer. Goed tsien oare skiep rekken ferwûne. It is net dúdlik oft sy it rêde sille. Der binne DNA-meunsters ôfnommen om út te sykjen hokker bist de skiep oanfallen hat. De plysje tinkt lykwols dat it wolris om in wolf gean kin.
24 skiep deabiten is der in wolf aktyf yn Slappeterp
De bisten binne yn de nachten fan sneon op snein en fan moandei op tiisdei oanfallen. Yn de earste nacht soe it gean om santjin skiep. Ek binne der noch in stik of njoggen ferwûne.
By de skiep binne DNA-meunsters ôfnommen om te sjen oft it werklik om in wolf giet. De útslach wurdt oer trije wiken bekend. Dêrneist is der in nachtkamera ophong om te sjen om watfoar bist it giet.

Wolf yn Wolvegea?

Op 21 novimber fan dit jier binne der yn Wolvegea ek seis skiep deabiten, meldt BIJ12. Dizze ynstânsje hâldt de skea troch wolven by. Ek by de skiep yn Wolvegea binne DNA-meunsters ôfnommen en is de útslach noch net bekend.
© ANP
Piet Lootsma oer de skiep dy't oanfallen binne