Jacobs werom by SC Cambuur foar duel mei hikkesluter FC Dordrecht

05 des 2019 - 13:45

Jamie Jacobs komt werom yn de basis fan SC Cambuur foar it duel mei FC Dordrecht. De middenfjilder rekke twa wiken lyn blessearre oan syn ljisk en miste de duels mei FC Eindhoven en Jong AZ. Syn rentree betsjut dat Stanley Akoy wer op de bank sit. Oars hie Akoy ek net yn de basis begjinne kinnen, om't er noch hinder hat fan de holleblessuere dy't er ferline wike oprûn.

De sikeboech fan Cambuur bestiet noch altyd út Giovanni Korte, Jarchinio Antonia en Sven Nieuwpoort. Dy lêste twa hawwe wer op it fjild traind dizze wike en wurde nije wike werom ferwachte. Ferdigener Calvin Mac-Intosch ûntbruts tongersdei ek by de training, mar neffens trainer Henk de Jong is dat út foarsoarch en is er gewoan ynsetber tsjin Dordrecht.

Gjin ûnderskatting

It duel fan freed is ien tusken de nûmer ien en de nûmer lêst fan de earste difyzje. Dordrecht helle út santjin wedstriden mar acht punten. Je soene sizze dat der sprake wêze kin fan ûnderskatting, mar dat is neffens De Jong net it gefal: "Ik ha noch gjin spats ûnderskatting preaun. We ha it der oer hân dat we no seis moannen dwaande binne en yn ien kear alles fuortgoaie kinne. Mar ik ha dizze wike neat kwa gekke dingen fernaam."

Nei de wedstriid tsjin FC Dordrecht wachtet alwer de lêste wike fan it fuotbalseizoen. Dêryn spilet Cambuur trije toppers: thús tsjin Jong Ajax, foar de beker tsjin Feyenoord en út tsjin Excelsior. Mar dêr sjogge se by Cambuur noch net nei, seit De Jong: "Nee. freed is de earstfolgjende en dat is de alderbelangrykste wedstriid dy't der is. De konkurrinten spylje allegear út, dus kinst wer hiele goede saken dwaan. Mar Dordrecht is in ploech dy't minder punten hat, mar der wol faak ticht by sit. Dus fan ûnderskatting is op gjin inkele wize sprake."

Ljisk fan Jacobs

De skrik sloech twa wiken lyn ta doe't Jacobs ôfheakje moast mei in ljiskblessuere. Yn de regel binne dat blessueres wêrmei't je in skoft oan de kant steane, mar dat is foar de Cambuur-middenfjilder dus net it gefal. "Het gaat stukken beter. De afgelopen week heb ik helemaal meegetraind en er geen hinder meer van gehad, dus het gaat goed."

By de twa wedstriden dy't er misse moast, siet ek dy tsjin Jong AZ. Dat is syn foarige klup én de ploech dêr't syn bruorke Joey spilet. Ta in striid op it fjild tusken de beide bruorren Jacobs kaam it dus net. "Een paar maanden van tevoren hadden we het er al over gehad. Dat is wel iets waar je naar kijkt. Jammer dat het niet is gebeurd. Maar 9 maart moeten we weer tegen ze. Misschien dat het dan mag gebeuren."

Laten we deze eerste seizoenshelft mooi afsluiten.

Cambuur-middenfjilder Jamie Jacobs

Earst steane der oant de winterstop noch fjouwer wedstriden pland. Wêrfan de earste dus freed tsjin FC Dordrecht. It is in rige dêr't Jacobs nei útsjocht: "Er komen een paar hele belangrijke wedstrijden aan voor de winterstop. Laten we deze eerste seizoenshelft mooi afsluiten."

Foto: Orange Pictures

De wedstriid yn it Riwal Hoogwerkers Stadion tusken hikkesluter FC Dordrecht en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. It kommentaar út Dordrecht komt fan ferslachjouwer Andor Faber. Sneon is der yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)