Van Keimpema: "Dat boeren emosjoneel wurde is net goed, mar wol begryplik"

Farmers Defence Force-foaroanfrou Sieta van Keimpema jout in reaksje op de yntimidaasje dy't der by guon boeren wei komt, bygelyks by de gearkomste fan it Wetterskip en de bedriigjende mails dy't nei bestjoersleden stjoerd binne. Sy seit: "Ik tink dat in soad minsken harren net realisearje hoefolle stress en spanning der yn boere-húshâldingen ûntstiet troch alles wat ús boppe de holle hinget: bin ik aanst fallyt, kin ik noch wol troch? Dat de boeren emosjoneel wurde is net goed, mar wol hiel begryplik."
Boeren planne in nije protestaksje: winkels ûnberikber mei de krystdagen?
It is de fraach oft der mei alle boere-aksjes noch wol goodwill foar de boeren oerbliuwt. "Ik tink dat in soad minsken wol snappe wat de boeren dogge en dat de politisy trochgeane mei politike spultsjes. Mei it lânboukollektyf is der in prachtich plan fan oanpak dellein. Mar dat wurdt net befêstige en dêrtroch duorret de stikstofympasse langer en komme der hieltyd mear boubedriuwen yn de problemen."

'Politike spultsjes'

Neffens Van Keimpema soe der just mear omtinken foar de boeren wêze moatte. "Hiel Nederlân soe him eins by ús belutsen fiele moatte en meidwaan moatte mei ús aksjes. As wy al te bot aksjefierd hiene, wie der tink ik al in beslút naam. Der wurde politike spultsjes spile yn Den Haag."
"It giet om bedriuwen dêr't al generaasjes lang deselde famyljes op sitte. Troch it polityk hanneljen wurde jo kapot makke. As jo bang binne foar klimaatferoaring of dat der minder iten komt om't de grûn minder geskikt is, moatte jo foaral gjin boeren fuortpeste," fynt Van Keimpema.

Ferfolchaksje mei de krystdagen

Sy leit ek út dat der sprutsen wurdt oer in ferfolchaksje. "It plan is yndie om mei de itensfoarsjenning Nederlân attint te meitsjen op de problemen fan de boeren en boargers." Dat soe troch in blokkade fan winkels kinne, seit Van Keimpema. "Wy hawwe noch net krekt besletten wat wy dwaan geane, dat dogge wy moandei." Lege skappen mei de krystdagen is ien fan de opsjes.
Van Keimpema: "Politisy moatte witte wat der bart as de itensfoarsjenning plat leit. Wy produsearje iten, en dêr wurde wy min foar betelle. Wy krije al tritich jier deselde molkpriis, wylst de kosten gigantysk omheech gien binne. Dizze oerheid docht hiel dreech oer it plan dat wy dellein hawwe. De boeren moatte mar wer betelje. As jo samar in stik fan de boeren út de ekonomy helje, en de lânbou-ekonomy is tige fragyl, dan betsjut dat dat de oare boeren hegere kosten krije en dat der mear omfalle."
Foaroanfrou Sieta van Keimpema
Sieta van Keimpema © Omrop Fryslân, René Koster