Poepjes baalt fan ûnderwiisrapport en wol sels tafersjoch op it fak Frysk

Deputearre Sietske Poepjes jout oan dat it tafersjoch op it fak Frysk op skoallen by de provinsje lizze moat, en net by de Underwiisynspeksje. It ûnderwiis fan it Frysk is op in soad basisskoallen yn Fryslân net goed en in soad skoallen fine it dreech om it fak goed oan te bieden. Dat hat de Underwiisynspeksje skreaun yn in kritysk ûndersyk. Poepjes seit yn in reaksje: "Wy baalden fan de útkomst, wy steane no op in brekpunt dat it oars moat."
Poepjes oer fak Frysk
Deputearre Poepjes oer de minne tastân fan it fak: "Dit hie wol better kinnen. Wy fine it as provinsjaal bestjoer net in moaie útkomst dat de ynspeksje seit dat learlingen net in soad oan it ûnderwiis yn it Frysk fine. Der wurdt wol sjoen dat it fan belang is, mar de wize sprekt net oan. Dat is wol killing, om it op syn geef Ingelsk te sizzen."

Untheffingen fan Provinsje

Guon skoallen hawwe in ûntheffing krigen foar ûnderdielen fan it fak Frysk. De ynspeksje seit dat dat in 'remjend' effekt hat. Poepjes: "Ynhâldlik bart der noch te min en in soad skoalle tinke ek om't sy in fêststellingsbeslút krigen hawwe, of in 'ûntheffing' yn de folksmûle, dat dat goed genôch is. En dat is echt net it gefal." It fak Frysk is op skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis dus noch te frijbliuwend, fynt ek de deputearre.
Poepjes is der net oer te sprekken: "Dit is net hoe't de provinsje hjir yn stean wol. Dat móat en dat kin ek oars." En dat moat ek echt, want it stiet yn de wet dat bern goed Frysk ûnderwiis krije moatte yn Fryslân. Dêr sjocht de ynspeksje op ta.

Poepjes: tafersjoch moat nei Provinsje

Deputearre Poepjes seit wol wat opmerkliks, nammentlik dat it tafersjoch op it fak Frysk net by de ynspeksje lizze moat. "De ûnderwiisynspeksje seit: wy sille hjir stranger op tasjen. De tiid fan 'Lit mar' is ek foar de ynspeksje foarby. Wy tinke dat de taak fan it tafersjen op it Frysk yn it ûnderwiis it âlderbêste by de provinsje Fryslân past. De ûnderwiisynspeksje is in goed plak, mar wy binne in better plak. Net foar taal of rekkenjen, dat moat echt by de ûnderwiisynspeksje bliuwe. Mar wy as provinsje moatte dat kontakt hawwe mei alle lagen fan it ûnderwiis," seit Poepjes.

Boetes en beskrobbingen

En wat as in skoalle net ferbetteret? "Dan sitte je oan boetes en oanwizingen te tinken. Dat moat fierder gean as in lilke brief. Ik bin it iens mei minsken fan Sis Tsiis, sa geane wy ek net om mei rekkenjen of taal. Fan 'ach, it is wol goed, lit mar.' En sa moat it ek net mei it Frysk. Wy moatte it oppakke mei de ûnderwiiskoepels en mei de âlden fan de bern. Mar it frijbliuwende is der no echt wol ôf."
It docht bliken dat skoallen ek net genôch dogge mei it materiaal dat der is. "Dat kin fansels net. Je kinne dit op twa wizen oanfleane. Je kinne it hiel bestjoerlik oanfleane troch te sizzen: as jo nei tsien jier tebek sjogge dan wie der neat regele om it Frysk yn it ûnderwiis hinne en minsken wisten net iens wat it nivo op de skoalle wie. Dat is feroare, dat seit de ûnderwiisynspeksje ek. De provinsje hat har taak dêryn pakt en wy witte hoe't de flagge derby hinget," seit Poepjes.
Deputearre Sietske Poepjes wol sels tafersjoch op it fak Frysk