Kritysk rapport ûnderwiisynspeksje: Frysk op skoallen is net goed genôch

05 des 2019 - 12:24

De Underwiisynspeksje hat in kritysk rapport nei bûten brocht dêr't yn sein wurdt dat op skoallen yn Fryslân it skoalfak Frysk noch net goed genôch is. Neffens de wet moatte alle Fryske skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis it fak Frysk oanbiede. Mar de ynspeksje hat fêststeld dat der op de measte skoallen dy't ûndersocht binne noch te min dien wurdt oan de taalbehearsking.

Fryske flagge - Foto: ANP

Tsien jier lyn hat de ynspeksje al in kritysk rapport publisearre oer it Frysk op skoallen. Sûnt dy tiid hawwe de provinsje en in tal skoallen ekstra omtinken hân foar it fak Frysk. Sa kaam der lesmateriaal en binne der toetsen makke om de taalûntwikkeling fan learlingen te mjitten. De ynspeksje stelt lykwols fêst dat leararen noch ûnfoldwaande gebrûk meitsje fan it materiaal.

Ynspeksje wiist nei Provinsje

In grutte behindering foar it fak binne neffens de ynspeksje de tydlike ûntheffingen dy't Provinsje Fryslân oan skoallen jûn hat. De bedoeling fan sa'n ûntheffing foar bepaalde kearndoelen foar it fak is dat in skoalle har better oanslute kin by de taalbehearsking fan de trochsneed learling. It effekt is lykwols faak dat it ambysjenivo te leech bliuwt.

Te djoer foar it tal learlingen

It fuortset ûnderwiis hat dêrnjonken te krijen mei in tal learlingen dat omleech giet yn de provinsje. Dat makket it djoerder om in lyts fak as Frysk oerein te hâlden. De ynspeksje stelt foar dat skoalbestjoeren better gearwurkje kinne en miskien mei-inoar leararen Frysk oanstelle kinne.

Ek bern fine de lessen min

Learlingen jouwe yn petearen mei ynspekteurs oan dat sy it fak Frysk wol wichtich fine, yn it basis- en yn it fuortset ûnderwiis. Mar it grutste part fan de bern fynt net dat de Fryske lessen dy't sy krije harren Fryske taalfeardichheid ferbetteret. Fierder seit mear as de helte fan de learlingen de lessen Frysk net leuk en learsum te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)