Johannes Kramer: Ryk nimt tal útkomsten Frysk stikstofoerlis oer

05 des 2019 - 12:15

It Ryk nimt útkomsten fan it Fryske stikstofoerlis oer. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Syn oerlis mei fertsjintwurdigers fan boeren, natuer, bouwers en bedriuwslibben is hast klear en tiisdei wurdt der in beslút nommen. It Ryk komt ús provinsje dus yn 'e mjitte, seit Kramer, bygelyks as it giet om it brûken fan de stikstofromte yn eigen gebiet en it loskeppeljen fan fosfaat- en stikstofrjochten.

Foto: Omrop Fryslân

"Takom wike tiisdei sille wy dêr in beslút oer nimme as kolleezje fan Deputearre Steaten en hjoed is ek de Keamerbrief ferstjoerd wêryn't de minister oanjout hoe't sy mei de provinsjes op ien line kommen binne", seit de deputearre. "Ik bin der wol wiis mei dat wy dêrmei de winsken út Fryslân ek yn 'e mjitte komme koene."

Stikstofromte

Kramer: "It ynstellen fan in drompelwearde op regionaal nivo kin der foar ús yn Fryslân foar soargje dat de stikstofromte dy't wy hjir fertsjinje ek hjir wer útsette kinne. De minister hat ek oanjûn dat dat in mooglikheid is.

Boeren wiene benaud dat sy romte foar rjochten kwytreitsje soene. Dat sil no neat mear. "De romte dy't boeren yn de stâl net opfolle hawwe mei fee, dêr komme wy net oan. Ek is der praat oer de keppeling fan fosfaat- en stikstofrjochten. Dat wurdt no losmakke", seit Kramer.

"Ik bin der wol bliid mei dat wy yn steat binne om aanst dochs in beslút nimme te kinnen. En it wurdt aardich opskood neffens wat wy op 11 oktober ynlutsen hawwe", fynt Kramer.

Taskforce Stikstof

De provinsje stelt 1 miljoen euro beskikber foar it oprjochtsjen fan in Taskforce Stikstof. De saakkundigen yn dy groep moatte de provinsje helpe mei it útjaan fan fergunningen sûnder dat dy tsjin stikstofregels yngeane. In mearderheid fan de Steateleden stiet efter it beskikber stellen fan 1 miljoen euro tusken 2019 en 2021, ûnder betingst dat it Ryk ek mei foldwaande jild komt.

Neffens Kramer is it jild foar de Taskforce wol nedich. "Wy hoopje begjin takom wike nije beliedregels fêst te stellen wêrmei't wy wer fergunningen ferliene kinne. Foar al dat wurk wat der op ús ôf komt hawwe wy ekstra minsken nedich, dêrom freegje wy no oan de Steaten 1 miljoen euro."

Saakkundigen diele?

De deputearre jout oan dat der grut ferlet is fan saakkundigen. "Stikstofsaakkundigen wurde oeral frege, en benammen foar de spesjalistyske kant fan de saak binne der op dit stuit net maklik minsken te krijen. Wy hawwe wol goeie spesjalisten by ús yn de organisaasje, mar net genôch om dit probleem oan te kinnen. Dat binne minsken dy't fan de modellen witte dêr't wy stikstof mei berekkenje en mjitte, mar ek minsken dy't gebietsprosessen regelje kinnne wêrmei't wy om Natura 2000-gebieten hinne boeren op frijwillige basis út te pleatsen. Dat binne langduorjende en bewurklike trajekten, dêr hawwe wy minsken mei nedich."

Dus moat der neffens Kramer nei alle gedachten gearwurke wurde mei oare provinsjes om personiel te dielen. "Mar ek yn it IPO (Interprovinciaal Overleg) sitte spesjalisten. Mar wy hawwe mei Grinslân en Drinte ôfsprutsen inoar te fersterkjen. Je kinne konkurrearje, mar je kinne inoar ek fersterkje."

Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)