Noed oer mooglike beursgong Arriva: reizger mei der gjin lêst fan ha

05 des 2019 - 12:00

De ChristenUnie wol witte watfoar gefolgen de beursgong fan ferfierder Arriva betsjut foar it bus- en treinferfier yn Fryslân. It kin neffens de partij gefolgen hawwe foar de tsjinstferliening fan Arriva. Dêrom stelt de Steatefraksje fragen oan Deputearre Steaten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Wat vooropstaat is dat de kwaliteit van de dienstverlening op peil blijft", seit Steatelid Matthijs de Vries. "Het is van belang dat de reiziger geen last heeft van de ontwikkelingen binnen het bedrijf."

Deutsche Bahn, it memmebedriuw fan Arriva, wol it bedriuw nei de beurs bringe. De ChristenUnie wol witte wat de risiko's dêrfan binne. Deutsche Bahn wol fan Arriva ôf, omdat sy jild nedich hawwe foar ynvestearringen. Dat soarget foar noed by de ChristenUnie. "Ergens vanaf willen, is nooit goed", seit De Vries. "Bovendien krijgt een bedrijf dat naar de beurs gaat te maken met invloeden van andere investeerders. Iedereen kan aandelen kopen. Blijven de afspraken met de provincie dan nog wel goed geborgd?"

(advertinsje)
(advertinsje)