Sint Jozefskoalle hat in nije pannakoai, foar bern én buertbewenners

05 des 2019 - 10:01

In nije pannakoai as resultaat fan de gearhing fan in folksbuertsje op It Hearrenfean. Tongersdei is dizze fuotbalkoai iepene, it is de útkomst fan de gearwurking tusken IKC Sint Jozefskoalle, buertbewenners en ferieningen. Sinteklaas en in wethâlder iepenen de koai net fier fan it sintrum.

It fjild dêr't de pannakoai op stiet wie lang fertutearze. Mar it waard wol faak troch bern brûkt foar gymnastyk of om te fuotbaljen. Direkteur Annemieke Bindels fan de Sint Jozefskoalle: "We hebben er jaren over gedaan om dit voor elkaar te krijgen voor de jongeren. Op het terreintje zou eerste een gebouw komen, dus het was ingewikkeld. Maar nu we het toegewezen hebben gekregen van de gemeente hebben we er een mooie pannakooi neergezet."

'Bewoners kennen de kinderen'

De skoalle hat goed kontakt mei de buertferiening en de omwenners. "Jaren geleden zijn we begonnen met het zoeken van verbinding met de wijk. Bewoners kennen de kinderen van onze school daarom goed. Niet alleen als kinderen die ooit een voetbal in de tuin hebben geschopt, maar ook bijvoorbeeld omdat ze de kinderen haakles hebben gegeven," seit Bindels.

Direkteur Annemieke Bindels fan de Sint Jozefskoalle

De nije pannakoai - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Opbouwurker Ellen Akkerman is tige wiis mei it resultaat. "Het veldje is heel belangrijk voor de wijk, omdat bewoners en kinderen elkaar daar kunnen ontmoeten. Naast het voetbalveld komt er ook nog een picknicktafel. Het veldje had aanvankelijk verschillende bestemmingen, maar door samen te werken met een buurtsportcoach konden we dit in sneltreinvaart opzetten."

Folksbuert

De pannakoai stiet neffens Akkerman yn in bysûnder gebiet. "Het is echt een volksbuurtje van Heerenveen met een school die ook erg belangrijk is. Er wonen veel verschillende mensen in diverse woonvormen, het is een prachtige afspiegeling van de maatschappij. De pannakooi moet het begin zijn van nog meer verbinding," fynt Akkerman.

Opbouwurker Ellen Akkerman

Sinteklaas hat de pannakoai iepene - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)