Utfeartferiening Noardwâlde hat finansjele tekoarten

05 des 2019 - 09:02

Leden fan útfeartferiening De Laatste Eer yn Noardwâlde krije gjin fergoeding mear foar in begraffenis. Dat is it gefolch fan finansjele tekoarten by de feriening.

Foto: Laurens Looijenga

De tekoarten binne foar it grutste part ûntstien troch de bou fan in nije aula, mar ek omdat der mear minsken begroeven wurde moasten as earder begrutte wie. Yn 2016 is in nij gebou oan de Meulewiek yn gebrûk nommen. Dat gebou plus it te leech ynskatten tal ferstoarne minsken soarge daalks al foar in tekoart fan 38.000 euro.

Der is no in kommisje ynsteld om ûndersyk te dwaan nei de finânsjes.

'Wêr is myn jild bleaun?'

De hast 700 leden fan de feriening waarden ferrast doe't sy it nijs te hearren krigen dat de nije aula ferkocht en de feriening opheft wurde soe. By de gearkomste fan woansdei fregen meardere minsken harren ôf: wêr is myn jild bleaun? Leden hawwe fia de feriening foar in útfeart sparre, mar fan maart ôf keart de feriening gjin jild mear út by it ferstjerren.

Ferkeap aula

Uteinlik is der woansdei net stimd oer de ferkeap fan it pân. Utfeartfersoarger Kiers fan Frederiksoord wol de aula wol foar 152.000 euro oernimme. Leden fan de feriening soene fan Kiers noch 300 euro krije foar in útfeart, as kompensaasje foar de reade sifers fan de útfeartferiening. Dat is de helte fan it bedrach dêr't sy rjocht op hawwe. Mar safier is it dus noch net, der wurdt earst wachte op de ûndersykskommisje. Dy tinkt in moanne nedich te hawwen.

It deistich bestjoer sil yn maart ôfgean en krijt no it ferwyt dat hy net earder oan de bel lutsen hat. Der wurdt bedocht noch nije bestjoersleden te finen, mar de kâns liket grut dat der yn 2020 in opheffingsgearkomste komt mei de ferkeap fan de aula.

(advertinsje)
(advertinsje)