Kollum: "Oarloch"

05 des 2019 - 08:45

"Ofrûne jier siet ik yn de sjuery fan de NL Awards. Dat binne nasjonale prizen foar produksjes fan regionale omroppen. Omroep West, de omrop fan Den Haag en omkriten, stjoerde in telefyzjedokumintêre yn oer de freugdefjurren op it strân foar Duindorp en Scheveningen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik seach in fernuverjend byldferhaal oer rivalisearjende doarpen, dy't alle bedriuwen yn 'e wide omjouwing ôfstrune om pallets. En dat giet net oer in bytsje, dat giet oer frachtweinen fol.

As fertsjintwurdigers sille de bouwers benammen by ferfierders del. En dan is it fansels handich dat se yn in streek sitte mei in soad ferfier, by de havens fan Rotterdam. Ik koe wier net leauwe wat ik seach, dat der tûzenen en tûzenen yn myn eagen noch prima pallets ôfskreaun wurde. En dat al dat hout omset wurdt yn CO2, stikstof en sinleas ferwaaiende waarmte.

De film hjit Palletoorlog en is de muoite fan it weromsjen wurdich: hy stiet op 'e webside fan Omroep West. De film is makke yn 'e oanrin nei de jierwiksel fan 2017/2018, en dus ien jier foardat it mei de toer fan Scheveningen sa út 'e hân rûn dat in diel fan Scheveningen in fonkerein krige. En twa jier foardat die freugdefjurren hielendal ferbean waarden, sa't boargemaster Johan Remkes dizze wike besletten hat. En der moast ek al in boargemaster om ôfgean.

Duindorp hearde ferline wike al dat it net mear mocht, en no is it dêr dus al dagen ûnrêstich. Jongerein stekt de boel yn 'e fik, de ME jaget troch de strjitten en der wurde minsken arrestearre. My fernuveret it neat dat it no ferbean wurdt: ast dy dokumintêre sjoen hast, dan witst dat de toerbouwers oan alle kanten knoeie. Se mochten net heger as 35 meter, mar bouden de pallettuorren fier boppe de Aldehou út. It is in wedstriid om de heechste wurden, mei as beheining 35 meter - ik bedoel, wat foar wedstriid is dat. Noch ôfsjoen fan hoe puberaal it is om út te meitsjen wa't de grutste hat.

Kombinearje jeugd mei in dizich begryp fan wat tradysje is, en sy fine legitimiteit foar harren fanatisme. Dan is kompetysje gau fûn: wy sille dochs net minder as sy fan hjirneist. De technyk giet foarút, en fan krystbeammen gean we nei praktysk steapelbere pallets. En dan sjen hoe fier ast komme kinst, oant it fansels in kear mis giet.

En no mei it net mear. It begie it der mei dat jierrenlang yn hiel Den Haag en omkriten yn 'e Nijjiersnacht fan alles yn 'e fik stutsen waard, en der om ûndúdlike redenen fochten waard, wat de plysje wol aardich dwaande hold op in momint dat die mannen en froulju leaver inoar mei in oaljekoeke en in stjerke yn 'e hân folle lok en seine winsken. Nee, je komme net út de fraach 'wêr giet it yn fredesnamme oer', want dêr is gjin ferstannich antwurd op. En foar saken dêr't we gjin antwurd op krije, betinke we tradysjes. Dy binne ek absolút gjin antwurd, mar dat liket dan al sa, seker as je net tefolle neitinke wolle.

Tradysje of net, it punt is dat it folslein út 'e hân rûn is. En dan wurdt it ferbean. En hjir komt myn foarspelling foar Fryslân: it duorret net lang en dan wurdt karbidsjitten ek ferbean. De yngrediïnten binne der: in saneamde tradysje, fanatike jeugd, in wa-hat-de-grutste-kompetysje, technyske foarútgong, amateurs dy't harren dwaande hâlde mei wat gefaarliks; en dan is it wachtsjen oant it in kear mis giet. Dêrnei wurdt it ferbean, en is it 'einde oefening' foar al dy jonkjes sa-as ik der ek ien wie mei in lyts blokje karbid, in âld ferveblikje en bûtendoar-wille om it leven.

Ik hoopje dus dat dy Fryske karbidkanonnen-jongelju witte wêr't se mei dwaande binne. En dat it mei de blikjes gau ôfrûn is, as it jarretanks opblaast. Set yn de kommende moanne de telefyzje mar oan, foar de sjoernalen mei nijs út Duindorp en Scheveningen.

Besjoch dy dokumintêre Palletoarloch. Dy jout in prachtich ynsjoch yn dizze tiden, fan moderne tulpegekte, tradysje-oarloggen en fansels de teare sieltsjes fan 'e jonges dy't it net troffen ha yn it libben en it dwaan moatte mei in ivige kompensaasje foar it feit dat se in lytse ha. In lytse harsens, bedoel ik."

(advertinsje)
(advertinsje)