Wat tinkt Stefan van der Pal no't der twa Swimalvestêdetochten komme?

05 des 2019 - 08:34

Maarten van der Weijden makke woansdeitejûn bekend dat hy takom jier wer in Swimalvestêdetocht hâlde sil om jild op te heljen foar ûndersyk nei kanker. Dizze kear yn estafettefoarm, op 28 en 31 augustus. Foar de Ljouwerter Stefan van der Pal betsjut dat lykwols dat hy net mear de iennige is dy't yn 2020 in Alvestêdetocht swimme wol. Dêr baalde hy wol efkes in momint fan.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Ik kijk ernaar met twee gevoelens," seit Van der Pal. "Aan de ene kant is het mooi dat er weer iets wordt georganiseerd, alles is goed om meer onderzoek onder de aandacht te brengen. Maar aan de andere kant zijn er komend jaar dus twee Elfstedentochten."

Van der Pal seit lykwols wol: "Het balen was maar een kort moment. Mijn vrouw en ik keken elkaar aan en zeiden: we zetten de schouders eronder en gaan er een mooi feest van maken."

"Twee kampen hoeft niet"

"Het zou niet leuk zijn als er twee kampen ontstaan, dat hoeft van ons niet. Het zijn twee prachtige initiatieven. Wij gaan heerlijk door op de manier waarop wij zijn gestart. Vanaf het moment dat we Maarten hoorden over dit zeiden we: wij maken er ons eigen feestje van."

Van der Pal jout oan net ophâlde te wollen. "We hebben juist meteen gezegd: we zetten de schouders eronder. We maken er wat moois van." Wannear't syn Alvestêdetocht plakfine sil, wol Van der Pal noch net sizze. "We wachten nog op een mooi moment om de datum bekend te maken."

Stefan van der Pal oer de twa Alvestêdetochten

(advertinsje)
(advertinsje)